Hoi! Nij forumlid, earst mar even de kroech yn.

Dach Fean fans, op in goed fuotbal jier!
Ik sit sels al 12 jier yn Skotlân en bin aktyf yn in Skotsk fuotbal forum, mar ik haw in fraachje foar jim, sûnt ik graach wer wat op'e hichte bliuwe wol fan wat der yn Fryslân libbet. Ik wit hast neat mear fan Nederlânske of Fryske saken ôf! Kinne jim my in Twitter akkount, humoristyske webside of sokssawat oanriede? Offisjele organen binne faak in bytsje droech, ik bin earder op syk nei wat der't in persoanlike noat yn sit. It hoecht net poer Frysk te wêzen, at der mar gein yn sit. Tips?